Goed nijs yn dizze nuvere tiden! Yn 2023 bringe wy mei Stifting Mei-inoar Spannum de wurden en wiisheden fan Waling Dijkstra op de planken. Us fanfare bestiet dan 125 jier. En dat wolle wy fansels graach fiere mei it doarp!
Bôle troch de buorren
Op 23 april wie de offisjele oankundiging fan it projekt. Bern fan skoalle De Tarissing yn Spannum krigen bôle oanbean troch Waling Dijkstra. Ek alle ynwenners fan Spannum krigen in bôle oanbean.
Wa wie Waling Dijkstra?
Waling Dijkstra wie in man dy’t yn 1840 yn Spannum de bakkerij fan syn mem oernimme moast. Mar hy woe leaver dichtsje en ferhalen fertelle. Waling wie ek in strider foar de Fryske taal. Genôch ferhalen foar in moai teaterstik mei muzyk.
De kommende tiid wurdt der socht nei in skriuwer en regisseur foar it stik. Us dirigint Thom Zigterman sil him dwaande hâlde mei de muzyk foar de foarstelling. It wurdt in moai projekt foar en mei alle ynwenners fan Spannum!